Nijs2017-09-07T08:49:20+00:00

Krite Nijs

Gefolgen corona Kriteprogramma 2020-2021

Fanwege de corona-krisis hat it Kritebestjoer mei pine yn it hert besletten om alle foarstellingen oant jannewaris 2021 te skrassen of út te stellen, ynklusyf it Kritetoaniel yn jannewaris. Wy hiene it programma sa goed as klear, mar troch de 1,5 m-maatregel kinne we te min besikers ûntfange. Allinnich de jiergearkomste op tongersdei 1 oktober 2020 by Oostergoo giet troch. Nei it skoft sil Auke Zeldenrust dan it bysûndere ferhaal oer in Joadske brulloft út 1939 fertelle.

Wat net trochgiet
Yn de hjerstfakânsje hiene we foar de Grouster jonges en famkes fan 6 o/m 12 jier in Grouster talintejûn op it programma. De sjuery hie al tasein om te beoardieljen wat we yn Grou oan sjong-, playback-, gûchel-, kabaret- en muzyktalint hawwe. J&M Teaterwurk hiene we yn oktober graach ûntfongen mei harren nije stik Echt Wier! en Tryater soe komme mei Vader en zoon (Heit en soan), spile troch Joop en Mads Wittermans. It wurdt allegear trochskood nei in letter tiidstip. Ek it Kritetoaniel skoot in jier op, nei jannewaris 2022.

Wat wól trochgiet (hooplik)
As de situaasje it talit leit der foar de earste moannen fan 2021 in moai programma klear. It jeugdtoaniel en it kofjekonsert mei Grytz & Grize moasten yn maart 2020 op it lêste momint ôfsein wurde en binne trochskood nei resp. 27 maart by Oan ’t Wetter en 11 april 2021 by Oer ’t Hout. De al ferkochte kaartsjes bliuwe jildich. Wy hoopje tige dat RUG op 17 jannewaris en Inez Timmer op 12 maart trochgean kinne, mar as de ôfstân fan 1,5 m dan noch jildt, sille we se útstelle moatte. Fierder sykje we noch nei in oanbod dat net ôfhinklik is fan de 1,5 m. Ek hoopje we stikem dat ús jeugd de ynstudearre ienakters noch fan’t hjerst opfiere kin en dan 27 maart mei wat nijs komt.  Hâld ús webside yn de gaten en dan spesjaal de rubryk Nijs. Kriteleden wurde ek fia de mail op de hichte holden.

Sjoch foar mear ynformaasje ús nijsbrief:
Nijsbrief Kritenijs – july 2020

dinsdag, 30 juni, 2020|

Jeugdtoaniel giet net troch

Krekt as earder it kofjekonsert fan Grytz & Grize op snein 15 maart net trochgie, jildt no datselde ek foar ús jeugdtoaniel op sneon 28 maart. Tige sneu foar de bern dy’t nei wiken fan repetearjen sa goed as klear wiene foar harren debút op it toaniel.

De sûnens fan minsken stiet op dit stuit fansels op nûmer ien en yn de striid tsjin it coronafirus ha we as bestjoer dan ek alle begryp foar de fiergeande maatregels dy’t nommen binne.

Foar sawol it kofjekonsert as it jeugdtoaniel jildt dat it gjin ôfstel mar útstel is. Allinnich kinne we noch mei gjin mooglikheid sizze wannear’t it dan wêze sil. Foar beide jildt ek dat de kochte kaartsjes jildich bliuwe, dus goed bewarje. Minsken dy’t it jild werom ha wolle, kinne in mailtsje stjoere nei kaarten@kritegrou.nl.

We hoopje dat we de folgjende kear mei in fleuriger berjocht komme kinne en nije data foar de beide foarstellingen melde kinne.

Foar de kommende wiken winskje we elk sterkte en solidariteit. En sûnens fansels!
Der komme grif wer bettere tiden.

Bestjoer Krite Grou

zondag, 15 maart, 2020|

Kofjekonsert Grytz&Grize giet net troch

It kofjekonsert fan Grytz&Grize dat kommende snein yn it Theehuis plakfine soe, giet fanwege de maatregels oangeande it coronafirus net troch. Nei’t it Kritebestjoer earst noch optimistysk wie, ûntstiene der by it Theehuis, by de artysten en by it bestjoer hieltyd mear twivels oft it wol ferantwurde wie. Boppedat soe it Theehuis mei syn restaurantgasten derby boppe de 100 gasten komme kinne en dat is tsjin de nije regels.
Konklúzje: nee, it moat net wêze.

Hoe giet it no fierder? As it corona-firus him deljûn hat, besiket it Kritebestjoer in nije datum te prikken, Wannear’t dat is, is net te sizzen, miskien wurdt it wol in simmerkonsert. Fansels allegear yn oerlis mei it Theehuis en mei Grytz&Grize. Kaartsjes dy’t kocht binne bliuwe jildich, dus goed bewarje. Minsken dy’t it jild werom ha wolle, kinne in mailtsje stjoere nei kaarten@kritegrou.nl.

It jeugdtoaniel op 28 maart om 20.00 oere by Oan ’t Wetter giet wol troch sa’t it no stiet. It tal besikers bliuwt dêr wis ûnder de 100 en de jeugd is der klear foar. Mar ek dêr jildt: ûnder foarbehâld fan mooglik nije ûntwikkelings.

vrijdag, 13 maart, 2020|

Kritejeugd is der klear foar

12 Grouster jongeren – 2 ienakters – 10 repetysjes – 120 bekers limonade – 4378 Fryske wurden – 1 koffer – in protte ‘alkohol’ – 29 dropkes – 46 lachsalvo’s – en tal fan ymprovisaasje-oefeningen…

Foar it earst offisjeel yn it programma fan Krite Grou opnommen: in jûn fersoarge troch Grouster jeugd! Njoggen fammen en trije jonges hawwe ein 2019 trije kear byelkoar west om ûnder lieding fan Jan Arendz en Marijke Geertsma te wurkjen oan harren aktearkeunsten. Dêrnei binne der 2 ienakters útkeazen dêr’t de jeugd yn jannewaris mei oan de slach gien is ûnder lieding fan Alinda Talsma.
De beide fleurige ienakters binne: ‘Fakânsje’ en ‘Net foar de poes’.

Benijd hoe’t Kees Jan, Jildou B., Jildou H., Jurre, Redmer, Fardau, Wike, Phileine, Emma, Sibrecht, Marthe en Ilselyn (net op de foto) it derôf bringe? Keapje dan in kaartsje by Dierenspeciaalzaak Jan&Japke (te Grou) of troch in mailtsje te stjoeren nei kaarten@kritegrou.nl en notearje sneon 28 maart yn jo aginda! Lokaasje: Restaurant Oan ’t Wetter; tiid: 20.00 oere; priis: 5 euro.

Op de foto boppe fan links nei rjochts:
Kees Jan Bijlsma, Jildou Bouma, Jildou Hania, Jurre Buwalda, Redmer Kornet
ûnder: Fardau Karssen, Wike Talsma, Phileine Zwiers, Emma Baarda, Sibrecht Bouma en Marthe v/d Meer. 

Foto: Marian de Jong.

vrijdag, 6 maart, 2020|

Kritetoaniel sneontejûn útferkocht

Freed 17, sneon 18 en snein 19 jannewaris stiet it Kritetoaniel wer foar jim op de planken. Der is de ôfrûne moannen hurd wurke om der wat moais fan te meitsjen en elk hat der sin oan. Sneontejûn is al útferkocht, foar freed en snein binne noch kaarten te krijen.

Eurohotel keamer 719,
ien hotelkeamer…. twa ferhalen. Wêr giet it ek al wer oer?
It earste ferhaal giet oer Klaske en Sander Dykstra. Se sliepe jûn yn keamer 719 fan it Eurohotel yn Ljouwert want harren hûs is hjoed opnij yn ‘e ferve set en…. o ja se binne hjoed 24 jier troud! Hie harren houlik net wêze moatten?
It twadde ferhaal giet oer in houlik dat hjoed begjinne sil. Mirjam, de dochter fan Romke en Nynke Hoekstra, sil hjoed trouwe. Alle gasten binne yn de ‘blauwe seal’ fan it Eurohotel byelkoar. Mem Nynke wachtet yn keamer 719 op Mirjam, dy’t noch hieltyd yn de badkeamer is.

De rezjy is yn hannen fan Wybe Koldijk en assistinte/ynstekster is Rolien Stapel. De seis spilers binne: Gertrude Ruhof, Aucke Bergsma, Jolijn de Boer, Herman Tichelaar, Hilda Dijkema en Ytzen Wassenaar.
Freed en sneon begjint it om 20.00 oere en snein om 15.00 oere. Plak: Restaurant Oan ’t Wetter.
Kaartsjes: leden € 11,- en net-leden € 13,50.

Mis it net, wês der gau by!

Keamer 719
zaterdag, 11 januari, 2020|

Kom nei it Kritetoaniel op 17, 18 of 19 jannewaris

It is hast sa fier, it Grouster Kritetoaniel stiet op freed 17, sneon 18 en snein 19 jannewaris wer foar jim klear. It stik Eurohotel keamer 719 is in bewurking fan Plaza hotel suite 719 fan Neil Simon. It bestiet út twa ferhalen dy’t beide spylje op deselde hotelkeamer. Yn it iene ferhaal giet it oer in stel dat 24 jier troud is en yn it oare giet it foaral oer in heit en mem fan in dochter dy’t dy deis trouwe sil, mar har opsletten hat yn de badkeamer fan keamer 719.

De rezjy is yn hannen fan Wybe Koldijk en assistinte/ynstekster is Rolien Stapel. De seis spilers binne: Gertrude Ruhof, Aucke Bergsma, Jolijn de Boer, Herman Tichelaar, Hilda Dijkema en Ytzen Wassenaar. Wachtsje net te lang, keapje no kaarten!

Besjoch hjir ús YouTube-filmke.

.

Keamer 719
woensdag, 8 januari, 2020|

Desimber-nijsbrief 2019 Krite Grou

It lêste Kritenijs kinne jim lêze yn ús desimber-nijsbrief. Dêryn in oersjoch fan wat dit seizoen west, wat noch komt en al wer inkele plannen foar takom winterskoft. We hawwe 2019 op 15 desimber ôfsletten mei RUG. Yn in útferkocht Oostergoo koene we genietsje fan de prachtige ferhalen fan Riemer van der Velde, Douwe Visser en Jos Thie. Presintator Freark Smink hie dêr mei ûnferwachte fragen en kwinkslaggen ek in belangryk oandiel yn.

Foar it jier 2020 winskje we jim fansels alle goeds ta. Ek dit jier sjogge we jim wer graach by ús foarstellingen. As earste op 17, 18 of 19 jannewaris by ús eigen Kritetoaniel mei it stik Eurohotel keamer 719.

Besjoch ús nijsbrief:

Nijsbrief Kritenijs – desimber 2019

vrijdag, 3 januari, 2020|

Noch kaarten foar Leny Dykstra en RUG

Foar de foarstellingen fan Taal op it Spoar fan Leny Dykstra op freed 22 novimber en it programma RUG op snein 15 desimber, beide by hotel Oostergoo, binne noch kaarten, ek oan de seal te krijen. Mis it net! Foar mear ynformaasje sjoch fierder op dizze webside.

vrijdag, 22 november, 2019|

J&M Teaterwurk útferkocht

De foarstelling De man fan dyn libben dy’t Jan Arendz, Marijke Geertsma en Anke Bijlsma freed 25 oktober spylje by hotel Oostergoo is útferkocht! Spitich foar de Grousters dy’t it ek graach sjen wolle, mar noch gjin kaartsje hawwe. Dy sille no nei in oar plak yn Fryslân moatte. Sjoch dêrfoar op de webside fan J&M Teaterwurk.

Foar de oare Kritefoarstellingen binne noch wol kaartsjes, mar wês der gau by. No sneon, 12 oktober, spilet Tryater by Van Vuuren de foarstelling Raze om Protters en tongersdei 24 oktober komt it Hymphamp Jeugdtheater by hotel Oostergoo mei twa prachtige útfieringen fan Tante Jellebel foar de basisskoallebern. Spesjaal omtinken ek foar Taal op it spoar fan Leny Dykstra mei as reade tried de ferstoarne Grouster komponist Cees Bijlstra. Op freed 22 novimber by hotel Oostergoo.

woensdag, 9 oktober, 2019|

In stim op de Krite is jild wurdich

Sa’t we de Kriteleden yn in mail al witte litten hawwe, hat de Rabobank syn sponsorbelied wizige. Oant no ta stipe de bank ús jierliks mei in fêst bedrach. Fan dit jier ôf kinne ferienings har by de Rabobank oanmelde om mei te dwaan oan in nije opset om jild binnen te heljen. Minsken dy’t lid binne fan de Rabobank (dat kin fergees) kinne har stim útbringe op de feriening(s) dy’t se in waarm hert tadrage. In rekken by de bank is net foldwaande, men moat lid wêze om stimme te kinnen. De leden fan de bank krije in stimkaart tastjoerd. Dan geane se nei de Rabo-webside en wiist it him fansels. Stimme kin oant 11 oktober. Stypje ús en stim op de Krite! Klik hjir.

vrijdag, 27 september, 2019|

Jiergearkomste Krite Grou en film Krite-revu

De kaartferkeap foar it nije Krite-seizoen is begûn! Der steane wer in tal prachtige foarstellingen op it programma, dat wês der gau by. Op 20 septimber binne jim wolkom op ús jiergearokmste.

It bestjoer fan de Krite Grou nûget syn leden fan herte út foar de jierlikse ledegearkomste.

It twadde part fan de jûn binne ek net-leden tige wolkom. Op in grut skerm sil dan de film toand wurd dy’t makke is fan de revu Bylden fan de bruorren Halbertsma út it jier 2000.

Datum: 20 septimber 2019

Tiid:
20.00 oere: jiergearkomste (foar leden)
21.00 oere: film revu Bylden fan de bruorren Halbertsma (ek foar net-leden)

Plak:
Jeugdherberch Oer ’t Hout

Wurklist ledegearkomste 20.00 oere:

  1. Iepenjen troch de foarsitter
  2. Ynkommen stikken en meidielings
  3. Ferslach jiergearkomste 28.09.2018
  4. Jierferslach skriuwer
  5. Jierferslach en begrutting ponghâlder
  6. Ferslach kaskommisje en beneamen kaskommisje
  7. Bestjoersferkiezing: Ôfgeand en werkiesber binne Wouter de Vries en Nynke Heida
  8. Stân fan saken en foarútblik kommend winterskoft
  9. Omfreegjen
  10. Sluten

21.00 oere: Revu Bylden fan de bruorren Halbertsma (ek net-leden tige wolkom)

De revu Bylden fan de bruorren Halbertsma, skreaun troch Jan de Vries, is yn novimber 2000 opfierd ta gelegenheid fan it 125-jierrich bestean fan Krite Grou. De fideo-opname dy’t Hein van Vliet derfan makke, is op fersyk fan de Krite digitalisearre troch it Frysk Filmargyf.

Oan de revu dogge tal fan Grousters mei. It like ús aardich om de bylden nei 19 jier noch in kear op in grut skerm mei-inoar werom te sjen. De spilers binne no fansels in slach âlder, mar grif noch werkenber.

donderdag, 12 september, 2019|

Nij Kriteprogramma klear

It Kriteprogramma foar it kommende winterskoft 2019-2020 is klear. De leden fan de Krite hawwe dêr al in nijsbrief oer krigen. Dy nijsbrief kinne jim hjir lêze: Nijsbrief Kritenijs – july 2019. Dêryn ek nijs oer ús jeugdtoaniel.

It programma is yntusken printe en sil yn augustus hûs-oan-hûs rûnbrocht wurde. Dan sil ek de webside oanpast wêze mei alle ynformaasje oer it nije seizoen. De kaartferkeap giet los op 1 septimber.

donderdag, 25 juli, 2019|

Prachtich kofjekonsert slút Kriteseizoen ôf

Snein 7 april hat Krite Grou it seizoen mei in prachtich kofjekonsert ôfsletten. Op de sa goed as útferkochte boppeste ferdjipping fan It Teehûs koe it publyk genietsje fan in tige ôfwikseljend Frysk muzikaal programma. Dat waard fersoarge troch de sjongers Marcel Smit en Gerbrich van Dekken en de band It Grutte Guod mei de betûfte muzikanten Wander van Duin en Josse Postma.

Ien aktiviteit noch: by de iepening fan it wettersportseizoen sil ús jeugdtoaniel foar it earst optrede, op strjitte. Se binne snein 14 april te sjen by it terras fan Amicaal.

De Krite giet yn de simmerrêst. Yn Grou binne dan genôch oare moaie dingen te rêden. It winterprogramma 2019-2020 fan de Krite is sa goed as rûn. We hawwe wer in moai en fariearre oanbod foar jim gearstald. We hâlde jim op de hichte. Earst allegear in prachtige simmer tawinske!

maandag, 8 april, 2019|

Kofjekonsert Marcel Smit & Gerbrich van Dekken

Snein 7 april om 11.00 oere yn de boppeseal fan it Theehuis: 

 Kofjekonsert mei Marcel Smit & Gerbrich van Dekken

Marcel Smit en Gerbrich van Dekken steane net sa faak tegearre op de planken, mar in pear prachtige duetten sille se seker foar ús sjonge. Beide binne ûnder oaren bekend fan it Frysk Sjongers Gala yn De Lawei. Se komme mei twa poerbêste muzikanten nei Grou, dat it kin net oars as dat it in prachtich kofjekonsert wurdt. It iene part sil foaral fersoarge wurde troch Gerbrich van Dekken en it Grutte Guod. Dat Grutte Guod binne Gerbrich har begelieders Josse Postma en Wander van Duin.

Dyselde multy-ynstrumintalist Wander van Duin sil ek Marcel Smit muzikaal stypje yn it oare part fan it konsert. In bysûndere kombinaasje en dêrom in bysûnder kofjekonsert.

Mis it net! 

maandag, 1 april, 2019|

Start Jeugdtoaniel Krite Grou

Tongersdei 7 maart wie yn OSG Sevenwolden de earste fan trije workshops foar it jeugdtoaniel fan Krite Grou. Der diene tolve Grouster bern fan tusken 13 en 18 jier oan mei en it entûsjasme wie grut! De workshops wurde mei mooglik makke troch de STAF (Stichting Amateur Toaniel Fryslân) en fersoarge troch Grytha fan Keunstwurk. Grytha die allerhanne soarten oefeningen mei de bern en dy diene dêr fol oerjefte oan mei. Doe’t Grytha frege oft se yn groepkes wat tariede woene foar in strjitteater, kamen der hiele aardige stikjes út. Mooglik binne dy te brûken op 14 april by de iepening fan it Wettersportseizoen yn Grou.

It is fansels prachtich dat yn Grou, nei it opnij ta libben kommen fan it grutte Kritetoaniel, no ek it jeugdtoaniel fan de grûn liket te kommen. Want ek by ús Kritetoaniel jildt: de jeugd hat de takomst!

zaterdag, 9 maart, 2019|

‘It wie op in simmerjûn’ útferkocht!

De foarstelling ‘It wie op in simmerjûn’ dy’t op 8 maart 2019 yn Grou spilet, is útferkocht! De foarstelling lit fjouwer minsken sjen dy’t plannen meitsje foar de rest fan har libben. Yn ‘It wie op in simmerjûn’ wurde sawol it âlde as it jonge stel spile troch Joke Tjalsma en Jan Arendz. De premjêre wie op 16 jannewaris en hie in geweldige resinsje. Gjin wûnder dat der in soad belangstelling kaam. It stik is skreaun troch Bouke Oldenhof en stiet ûnder rezjy fan Jos Thie. It is yn Grou te sjen op 8 maart om 20.00 oere by OSG Sevenwolden.

Foar de folsleine spyllist fan ‘It wie op in simmerjûn’ sjoch hjir.

zondag, 10 februari, 2019|

Meld dy oan foar workshop jeugdtoaniel

Krite Grou is drok dwaande mei it opsetten fan in ôfdieling jeugdtoaniel. Ferskate jonges en famkes hawwe har al oanmeld, mar we wolle der graach noch mear by hawwe. Miskien liket it dy wol hiel aardich, mar hast dochs noch wat twivels oft it wol wat foar dy is. Om dêrachter te kommen kinst no meidwaan oan in workshop jeugdtoaniel.

Dus, sit der in in stjer yn dy? Bist tusken de 13 en 18 jier âld? Jou dy dan op troch in mail te stjoeren nei Krite Grou. Dan nimme we sa gau mooglik kontakt mei dy op.

Besjoch hjir it filmke.

zaterdag, 2 februari, 2019|

Kaarten ‘It wie op in simmerjûn’ fleane fuort

De toanielfoarstellingen fan Krite Grou sitte der wer op. Alle trije tige slagge mei in soad publyk dat genietsje koe fan it blijspul Gewoan te Gek. Foar de spilers – wêrûnder in flink tal nijelingen – en de minsken deromhinne foarme it de ein fan in healjier drok repetearjen en tarieden. Mar ek fan in soad wille en gesellichheid. De lêskommisje sil ynkoarten al wer los mei it útsykjen fan in gaadlik stik foar takom winter. It Kritetoaniel hat de gong deryn! En it jeugdtoaniel komt ek stadichoan fan de grûn.

It seizoen is lykwols noch net dien. De earstfolgjende Krite foarstelling is it stik ‘It wie op in simmerjûn’ fan Pier21, spile troch Jan Arendz en Joke Tjalsma, skreaun troch Bouke Oldenhof en regissearre troch Jos Thie. De premiêre wie 16 jannewaris en hie in geweldige resinsje. De tematyk (eutanasy)  is earnstich, mar nettsjinsteande dat wurdt der in soad lake. It is op 8 maart te sjen yn OSG Sevenwolden yn Grou. De kaarten fleane fuort, dus wês der gau by!

maandag, 21 januari, 2019|

Sneontejûn Kritetoaniel útferkocht

De sneontejûnsfoarstelling fan it Kritetoaniel is al útferkocht! It stik Gewoan te Gek wurdt trije kear opfierd: freed- en sneontejûn om 20.00 oere en sneintemiddei om 15.00 oere, 18, 19 en 20 jannewaris. Alle kearen by Restaurant Oan ‘t Wetter. Gewoan te Gek is in blijspul oer fjouwer eks-psychiatryske pasjinten. De rezjy is yn hannen fan Tsjitske Stoer. Der dogge mar leafst acht spilers oan mei, wêrûnder in flink tal nijelingen.

Foar freed 18 en snein 20 jannewaris binne noch wol kaarten te krijen. Wêr? Fansels by Jan & Japke, mar it kin ek fia de mail of telefoanysk. Sjoch ûnder ‘Kaartferkeap’ op dizze webside. Wês der gau by.

donderdag, 3 januari, 2019|

Desimber-nijsbrief Krite Grou

It lêste Kritenijs kinne jim lêze yn ús desimber-nijsbrief. Dêryn in oersjoch fan wat ús dit seizoen noch te wachtsjen stiet, mar ek wat we al fêstlein hawwe foar it winterskoft 2019-2020. Fierder winskje we elk in lokkich en sûn 2019 ta. Ek dan sjogge we jim graach by ús foarstellingen. As earste op 18, 19 of 20 jannewaris by ús eigen Kritetoaniel (foto).

Besjoch ús nijsbrief:

Nijsbrief Kritenijs – desimber 2018

dinsdag, 25 december, 2018|

Tante Jellebel yn de krystfakânsje

De krystfakânsje stiet foar de doar. fansels ha we dan de krystdagen en de jierwiksel as ferdivedaasje. Mar de bern wolle ek wolris wat oars en bûten boartsje kin yn  de wintertiid ek lang net altyd. Gelokkich komt it Hymphamp Jeugdteater 28 desimber mei twa foarstellingen nei Grou.

De earste foarstelling begjint dy freedtemiddeis om 14:00 oere en is foar de ûnderbou fan de basisskoalle, groep 1 o/m 4: Tante Jellebel’s toetje. It giet oer in toetjeswedstriid, de ko Klaartje en tante Jellebel.

Om 15:30 oere begjint dêrnei foar de boppebou, groep 5 o/m 8, de foarstelling: Tante Jellebel en it jubileumfeest. Oer disko, DJ fireball, pankoeken, taart en ferkearing.

De foarstellingen binne  28 desimber by hotel Oostergoo, se duorje elk 45 minuten en binne meartalich. De tagong foar bern en begelieders is 5 euro. Foar mear ynformaasje sjoch fierder op dizze webside.

woensdag, 12 december, 2018|

Krite Grou toant spylfilm Amama

Krite Grou lit op freed 16 novimber de sfearfolle Baskyske spylfilm Amama yn Grou sjen. Dat is slagge yn gearwurking mei it EBLT, it Europeesk Buro foar Lytse Talen.
Amama giet oer in generaasje- en opfolgingskonflikt yn in Baskyske boerefamylje, sa’t dat him ôfspilet ûnder de eagen fan Amama (beppe). De jongste generaasje op de boerepleats, dy’t al generaasjes lang yn de famylje is, wrakselet mei it takomstperspektyf. In tematyk dy’t ek foar it Fryske plattelân werkenber is.

Baskyske films slagje der hieltyd better yn om in ynternasjonaal publyk te berikken. Amama hat furoare makke op filmfestivals troch hiel Europa. De beppe wurdt spile troch Amparo Badiola, in natuertalint dat op har 80ste in oertsjûgjend filmdebút makket.
De film wurdt fertoand yn Hotel Oostergoo en begjint om 20:00 oere.

vrijdag, 2 november, 2018|

Tryater mei Doarp Europa yn Grou

Sneon 20 en snein 21 oktober stiet sûnt sawat tsien jier Tryater wer by Krite Grou op it programma. Doarp Europa gie 12 oktober yn premjêre en krige yn de LC mar leafst fjouwer stjerren as wurdearring. Tryater siket yn dizze nije foarstelling mei in grutte groep fan spilers, muzikanten en dûnsers nei de ferhalen fan it Europeeske plattelân. Kommende sneon om 20.00 oere en snein om 15.00 oere is Doarp Europa by Van Vuuren Deuren te bewûnderjen. Wês derby, keapje gau kaarten! Sjoch foar mear ynformaasje dêroer op dizze webside.

Op ’e kofje by Joast yn Museum ‘Hert fan Fryslân’

De bruorren Halbertsma, benammen Joast, ha in protte troch Europa reizge op syk nei âldheden en kulturele tradysjes. Joast syn ‘Kabinet fan âldheden’ wie eins it begjin fan it Frysk Museum. Museum ‘Hert fan Fryslân’ yn Grou wijt dit jier in spesjale eksposysje oan dizze ‘Wrâldboarger út Grou’. It museum jout de besikers fan ‘Doarp Europa’ op fertoan fan harren kaartsje (fan sneon of fan snein) op dy beide dagen fergees in rûnlieding mei dêrby in kopke kofje of tee mei ‘Dimter koeke’. Joast Halbertma wie nammentlik lange tiid dûmny yn Dimter. Foar Freonen fan it museum is ek de tagong sa as altyd fergees, foar oare besikers jildt de gewoane priis. Kofje en koeke stean foar jo klear fan healwei 11 oant healwei 1 oere.

.

zaterdag, 13 oktober, 2018|

Húskeamerfoarstellingen Doarp Europa súkses

De beide húskeamerfoarstellingen fan Doarp Europa op woansdei 3 oktober yn Grou wiene in súkses. De foarstellingen waarden spile yn de húskeamers fan Fraukje Bruggink oan de Haadstrjitte en by Peter van den Broek oan de Foarplecht. By Peter wiene 15 taskôgers en by Fraukje 16 wêrûnder ek in pear Nederlânske toeristen. Dy fûnen it tige aardich, ek om’t it yn it Frysk spile waard. By beide foarstellingen wiene de reaksjes posityf.

 De húskeamerfersy fan Doarp Europa wie in yntime foarstelling mei 3 spilers dy’t as oanrin nei de grutte foarstelling beskôge wurde kin. Dy grutte foarstelling Doarp Europa spilet twa kear by Van Vuuren yn Grou, ntl. op sneontejûn 20 en sneintemiddei 21 oktober. Oan dy foarstelling docht in grutte groep spilers, muzikanten en dûnsers mei. In hiel spektakel dus. Mear ynformaasje op dizze webside. De foarferkeap is al yn folle gong. Mis it net, keapje no jim kaartsje.

 

donderdag, 4 oktober, 2018|

Revu ‘Bylden fan de Bruorren Halbertsma’ online

De revu ‘Bylden fan de Bruorren Halbertsma’ dy’t yn novimber 2000 opfierd is ta gelegenheid fan it 125-jierrich bestean fan de Krite Grou, is no foar elkenien te sjen. Dat makke Krite-foarsitter Wouter de Vries freedtejûn bekend op de jiergearkomste fan Krite Grou by Herberch Oer ‘t Hout. De revu is destiids skreaun troch Jan de Vries en tal fan bekende Grousters dogge deroan mei. It notiidske bestjoer  fan de Krite fûn in fideobân fan de revu yn it argyf en hat dy digitalisearje litten by it Frysk Filmargyf. Ald-Grouster Syds Wiersma, koördinator fan it Frysk Filmargyf, wie der tige wiis mei en hat  soarge dat de bylden fan ‘e wike online set binne. Klik hjir.

Op de jiergearkomste fan Krite Grou  wiene 25 leden ôfkommen. Se hearden dat it der goed foar stiet mei de Krite. De finânsjes op oarder, in ôfwikseljend winterprogramma en de toanielpoat wer folop yn bedriuw. Yn it bestjoer waard ôfskied nommen fan Rieneke Feenstra en Hendrika Vis. Harren plak is ynnommen troch Femke van Heijnsbergen en Betty Hooghiemster. Nei it skoft soarge de Grouster band Volk! noch foar in muzikaal sfearfolle ôfsluting fan de jûn.

zaterdag, 29 september, 2018|