Lid wurde?

Foar € 6,- jiers de persoan binne jo al lid fan de Krite Grou. Mei troch jo stipe soargje wy dat jo alle jierren yn eigen doarp genietsje kinne fan in ryk oanbod oan (Fryske) kultuer. Fan kofjekonserten oant toanielfoarstellingen, fan kabaret oant muzykoptredens en fan bernefoarstellingen oant filmjûnen.

As Krite-lid krije jo op alle foarstellingen koarting op de tagongspriis. Sadwaande hawwe jo it lidmaatskipsjild al gau werom fertsjinne.

Oan it begjin fan it teaterseizoen krije jo in programmaboekje mei it folsleine programma. Fierder binne jo fan herte wolkom op ús ledegearkomste yn septimber. Sa kinne jo oer alles meibeslisse.

Wolle jo lid wurde? Stjoer dan in e-mail nei lid@kritegrou.nl en dan krije jo binnen ien wike bericht fan ús. 

It banknûmer fan de Krite: NL 85 RABO 0131 9975 80.

In Kritejier rint fan 1 july oant en mei 30 juny. Opsizzen fan it lidmaatskip foar in kommend jier moat sadwaande altyd foar 1 july. Dat kin troch in e-mail te stjoeren nei lid@kritegrou.nl. 

Privacywet

Op 25 maaie 2018 is de Algemiene feroardering gegevensbeskerming fan krêft wurden. Dat betsjut dat rûnom yn de Europeeske Uny no deselde privacy-wetjouwing jildt. Jo kinne de privacyferklearring fan Krite Grou hjir downloade. It seit himsels dat wy tige soarchfâldich mei jo persoansgegevens omgeane.