Oer it Kritetoaniel

Yn it boekje ‘De Krite yn ’e Krânse’ dat by de betinking fan hûndert jier Krite Grou yn 1975 útjûn is, wurdt ferteld dat yn dy hûndert jier 125 toanielstikken spile binne. Telt men dêr noch by op de stikken dy’t ‘Thalia’, de foargonger fan it Kritetoaniel, spile hat en de stikken dy’t de lêste 40 jier spile binne, dan komt de skoare grif boppe de 200 te lizzen. Yn de rin fan de jierren is in rike toanieltradysje opboud en Grousters kinne dêr mei rjocht en reden grutsk op wêze.

Yn de jongste skiednis fan de Krite, dus nei 1975, wie it toaniel en de organisaasje dêrfan lange tiid in selsstannige organisaasje ûnder de wjukken fan de Krite. No is de situaasje sa dat yn 2010 it toanielbelang werom is yn it Kritebestjoer. Fan toanielspyljen kaam it lykwols net.

It Kritebestjoer dat yn 2016 keazen is, wol de rike tradysje fan it Grouster Kritetoaniel syn glâns en eare weromjaan en komt nei in ûnderbrekking fan acht jier yn jannewaris 2018 wer mei in eigen toanielfoarstelling op ’e planken. En mei súkses. Mei it stik Chez Cherard (Bravo!) waard fuortdalik de earste priis yn klasse C fan de Kriich helle.

Net allinnich it ‘grutte’ toaniel hat de gong der wer yn, sûnt neijier 2018 bestiet ek de Kritejeugd. Mei workshops en ymprovisaasjes wurdt Grouster jonges en famkes leafde foar it toaniel bybrocht. Yn oktober 2020 resultearjend yn twa ienakters foar in lyts publyk. Dit lyts publiek hie te meitsjen mei de Covid-19 situaasje,

De tradysje fan it Fryske toaniel is izersterk en as Grouster Krite sille we alle war dwaan dat unike kulturele erfgoed yn stân te hâlden.