Jeugdtoaniel Krite Grou

Teaterlessen foar de jongerein fan Grou!

Krite Grou giet teaterlessen jaan!
Yn seizoen ’22 / ’23 kin de Grouster jeugd op ‘e nij meidwaan oan teaterlessen. Dit jier
ha we sels twa kundige minsken fûn om de jeugd te begeleiden: Grytha Visser en Sjoerd
Blom!

Basisskoalle bern, groep 7 & 8
Grytha Visser fan Stifting Keunstwurk giet op’e nij oan de slach mei basisskoalle bern út
de groepen 7 & 8. Yn 3 workshops komme de folgjende saken oan bod: romtegebrûk,
tekstbehanneling en ymprovisearjen. Dizze workshops wurde jûn op tiisdeitejûn 1, 15 en
22 novimber
yn de basisskoalle. De kosten binne (yn totaal) € 20,00 p.p.
De jeugd kin har hjir foar opjaan fia in mailtsje nei jeugd@kritegrou.nl. Dit kin oant 14
oktober!

Middelbere skoalbern
Sjoerd Blom (akteur en amateurtoaniel – regisseur) hat ek al faker mei jeugd wurke en is
tige entûsjast om mei de âldere jeugd oan de slach te gean. Yn 6 lessen giet hy mei
namme oefenjen oan it ymprovisearjen om úteinlik in leuke jûn del te setten foar in lyts
publyk! We begjinne hjirmei nei de hjerstfakânsje op tongersdeitejûn 27 oktober yn it
‘lyts kafee’ fan de Treemter. Op freed 2 desimber sil dan de foarstellingsjûn wêze.
De kosten binne (yn totaal) € 40,00 p.p.
Op tongersdeitejûn 29 septimber om 19:30 oere organissearje wy foar dizze groep in
(fergeze) introduksjeles yn de Treemter om Sjoerd kennen te learen en om mear te
hearren oer dizze ymprovisaasjelessen. Wês wolkom om dit earst ris te prebearjen!
Opjaan foar dizze introduksjeles kin oant 27 septimber. Opjeften graach fia in mailtsje
nei jeugd@kritegrou.nl.

De lessen wurde jûn yn it Frysk. It is net in eask om Frysk prate te kinnen, mar ferstean
wol. Foar fragen kin in mailtsje stjoerd wurde nei jeugd@kritegrou.nl.
Wachtsje net te lang mei opjaan, want fol = fol!