Workshop ymprovisaasje-teater op sneon 17 september!

Opjaan kin noch..

Krite Grou docht mei oan it programma ‘Mooie zomer in Leeuwarden’ fan
Kunstkade. Kunstkade hat mei ferskate oanbieders út de gemeente Ljouwert
in moai programma samensteld om eltsenien ynspireare en ferrasse te
litten, want it nije kulturele seizoen stiet wer foar de doar!

Wat organisearret Krite Grou: Workshop ymprovisaasje-teater!

Wannear en foar wa: Sneon 17 septimber 2022
09:30 – 10:45 oere foar basisskoalbern út groep 7&8
11:00 – 12:30 oere foar folwoeksenen

Wêr: Paviljoen Prikmar, Prinses Wilhelminastraat yn Grou

Dizze workshops wurde jûn troch Sjoerd Blom út Ljouwert. Hy is
professioneel akteur en regisseur en fynt it sels ek hearlik om te
ymprovissearjen op toaniel!
Ymprovisaasje teater is in foarm fan teater wêrby de spilers it ferhaal,
de personages en de tekst op it plak sels betinke, sûnder tarieding.
Krigest d’r enerzjy fan en kinst in protte enerzjy d’r yn kwyt! En
fansels hast in protte wille mei inoar!

Foar sawol bern as folwoeksenen in moaie moarn wêrfoar neat hoechst ta
te rieden en alles kin; misskien spilest wol in astronaut of de doar fan
in bus. 😊

De workshops binne hielendal fergees, dus it kostet neat! Oanmelde kin
o/m 15 septimber fia in mail nei info@kritegrou.nl. Nijsgjirrich wurden?
Jou dy dan gau op en mail ús!