Krite Grou siket opnij jong talint!

It kommende seizoen 2023-2024 kin de Grouster jeugd opnij meidwaan oan teaterlessen, begeliede troch Sjoerd Blom. Sjoerd is akteur en amateurtoaniel-regisseur en ek wurket hy graach mei jeugd. Ôfrûne jier hat hy de ymprovisaasjelessen jûn oan ús âldste jeugdgroep en dat wie tige slagge.

Der sil teaterlessen foar basisskoalle bern en teaterlessen foar middelbere skoalbern. Sjoch foar de opset, data en kosten op ús www.kritegrou.nl/jeugd/, (komst der ek fia de QR-kode op de flyer).
De lessen wurde jûn yn it Frysk. Frysk prate hoecht net, mar moast it wol ferstean kinne.

Op sneontemoarn 23 septimber fan 10:30 oant 11:30 oere organissearje wy foar belangstellende bern en harren âlders/fersoargers in ynformaasje gearkomste, Sjoerd is dêr ek by.
Opjaan foar dizze moarn kin oant 18 septimber. Dêrnei kinst dy oant 13 oktober oanmelde foar de teaterlessen. Opjaan kin fia in mail nei jeugd@kritegrou.nl mei deryn dyn namme, basisskoalle groep of middelbere skoalle klas en in tillefoan nûmmer fan dy of dyn âlders/fersoargers.

We sjogge dy/jim graach op sneon 23 septimber! Hast earder al fragen? Mail dan nei jeugd@kritegrou.nl.