Snein 2 april 2023: Freonen fan Krite Grou LIVE!

‘Hâld sneintemiddei 2 april alfêst frij foar..??’, dat stiet op ús programma-brochure en deroer fertelle we jim graach mear.

Op sneintemiddei 2 april fynt de earste edysje fan Freonen fan Krite Grou LIVE! plak.
In live musykmiddei foar jong en âld, mei ferskate musykgenres en foar it grutste part komme ús artysten fan dizze middei út Grou sels wei.
Fan pop&soul, gefoelige ballads, akoestyske rock tot soul&wsing, alles op ien middei live te hearen yn Grou.

Wat is dit: in live musykmiddei foar jong en âld
Wer is dit: yn Grootcafé De Treemter
Hoe let is dit: fan 15:30 – 17:30 oere
Wat is de tagong: € 7,50 (te beteljen oan de doar mei pin)

Mis dit net en lit jo musikaal ferrasse op dizze earste edysje fan Freonen fan Krite Grou Live, sneintemiddei 2 april!