In tal Grousters ha fan de gelegenheid gebrûk makke om te ûntdekken oft aktearjen wat foar
harren is. Ûnder lieding fan Tsjitske Stoer is der in Krite ‘ympro-ploeg’ fan 6 persoanen foarme.
Troch ferskate sitewaasjes, rollen en emoasjes te spyljen waarden hilaryske sênes makke mei spesjale karakters en fanút dizze ymprovisaasje is it toanielstik ‘Frjemde gasten’ makke.
By de foarstelling ‘Frjemde gasten’ treffe jo in tal minsken yn it Grand Café ‘De Ynstap’.
Ien kear binnen by ‘De Ynstap’, sille jo genietsje fan ferrassende en eigensinnige mominten.
Op it stuit fynt der in nijsgjirriche ferbouwing plak, ‘De Ynstap’ krijt yn koarte tiid in betoverjend nij
ynterieur. Wy besykje de plande aktiviteiten safolle mooglik troch te setten, al kin dat wol foar wat oerlêst soargje. Ek de jiergearkomste fan fûgelferiening ‘Piri-Piri’, dêr’t de winner fan de fûgelspot-kompetysje yn it sintsje set wurdt, giet gewoan troch.
Foar it publyk is it in libbene foarstelling dêr’t jo as fêste gast diel útmeitsje fan it gehiel.
De entûsjaste spilers binne Joke Hoekstra, Wiekie van der Geest, Els Glashouwer, Jan Bouma, Janneke Andringa en Jaike Blankestijn.
Regy is yn hân fan Tsjitske Stoer.
Útfieringen: Freed 19 en sneon 20 jannewaris 2024 (Sneon nei ôfrin live musyk fan Mario Kramer)
Lokaasje: Restaurant Oan ’t Wetter
Tiid: 20.00 oere
Kaarten kin kocht wurde fia de knop ‘Kaartferkeap’.