Teaterlessen foar jongerein!

Yn seizoen ’22 / ’23 kin de Grouster jeugd op ‘e nij meidwaan oan teaterlessen. Dit jier
ha we sels twa kundige minsken fûn om de jeugd te begeleiden: Grytha Visser en Sjoerd
Blom!
Grytha Visser fan Stifting Keunstwurk giet op’e nij oan de slach mei basisskoalle bern út
de groepen 7 & 8.
Sjoerd Blom (akteur en amateurtoaniel – regisseur) hat ek al faker mei jeugd wurke en is
tige entûsjast om mei de âldere jeugd oan de slach te gean.

Sjoch foar mear ynfo op ús webside rubryk Jeugdtoaniel

De lessen wurde jûn yn it Frysk. It is net in eask om Frysk prate te kinnen, mar ferstean
wol. Foar fragen kin in mailtsje stjoerd wurde nei jeugd@kritegrou.nl.
Wachtsje net te lang mei opjaan, want fol = fol!