Heit en Soan op freed 3 desimber giet net troch.
No’t om 17.00 oere alles ticht moat kin de foarstelling ‘Vader en zoon’ dy’t Tryater/Joop en Mads Wittermans yn Oan’t Wetter spylje soene net trochgean. Spitigernôch hat Tryater ek gjin mooglikheid om de foarstelling op in letter momint noch yn te heljen. Sy ha gjin romte yn de planning om de foarstellingen te ferpleatsen nei fierderop yn dit seizoen.
Eltsenien dy’t fia Tryater in kaartsje kocht hat wurdt ek fia Tryater ynljochte en werombetelle.
Krite Grou sil dit ek dwaan by de minsken dy’t fia ús mail of telefoanysk kaarten reserveard of kocht ha.
Minsken dy’t by Jan&Japke kaarten kocht ha kin dy ynleverje by Lies Oppedijk (De Blei12) of Herman Oldenhof (Abbema 13) en krije dan it jild werom.
Wy fine it hiel spitich dat it sa rint mar it is net oars….