Dochs jeugdtoaniel yn 2020!

We hawwe as bestjoer miend dat we de jeugd dit jier noch de kâns jaan moatte om harren ienakters oan it publyk sjen te litten. Jeugd hoecht gjin 1,5 meter ôfstân fan elkoar te hâlden en Hotel Oostergoo hat ús de mooglikheid bean om twa jûnen te spyljen foar 40 minsken publyk, rekken hâldend mei de 1,5 meter ôfstân tusken gasten dy’t net ta ien hûshâlding hearre.

Ûnder lieding fan Alinda Talsma pakke we it repetearjen wer op en nûgje we jimme út om nei de ienakters ‘Fakânsje’ en ‘Net foar de Poes’ te kommen op freed 9 of sneon 10 oktober (oanfang 20.00 oere).

Kaartsjes binne fan no ôf te keap by Jan&Japke foar €5 it stik. At jo al kaartsjes kocht hiene, kinne dy omruile wurde by Jan&Japke foar nije kaartsjes foar ien fan de beide jûnen. Om oan de registraasjeplicht (dy’t yn de hoareka jildt) te foldwaan, sil by de foarstellingen in list lizze om jo kontaktgegevens yn te foljen en wurdt der frege nei jo sûnens.