Gefolgen corona Kriteprogramma 2020-2021
Fanwege de corona-krisis hat it Kritebestjoer mei pine yn it hert besletten om alle foarstellingen oant jannewaris 2021 te skrassen of út te stellen, ynklusyf it Kritetoaniel yn jannewaris. Wy hiene it programma sa goed as klear, mar troch de 1,5 m-maatregel kinne we te min besikers ûntfange. Allinnich de jiergearkomste op tongersdei 1 oktober 2020 by Oostergoo giet troch. Nei it skoft sil Auke Zeldenrust dan it bysûndere ferhaal oer in Joadske brulloft út 1939 fertelle.
Wat net trochgiet
Yn de hjerstfakânsje hiene we foar de Grouster jonges en famkes fan 6 o/m 12 jier in Grouster talintejûn op it programma. De sjuery hie al tasein om te beoardieljen wat we yn Grou oan sjong-, playback-, gûchel-, kabaret- en muzyktalint hawwe. J&M Teaterwurk hiene we yn oktober graach ûntfongen mei harren nije stik Echt Wier! en Tryater soe komme mei Vader en zoon (Heit en soan), spile troch Joop en Mads Wittermans. It wurdt allegear trochskood nei in letter tiidstip. Ek it Kritetoaniel skoot in jier op, nei jannewaris 2022.
Wat wól trochgiet (hooplik)
As de situaasje it talit leit der foar de earste moannen fan 2021 in moai programma klear. It jeugdtoaniel en it kofjekonsert mei Grytz & Grize moasten yn maart 2020 op it lêste momint ôfsein wurde en binne trochskood nei resp. 27 maart by Oan ’t Wetter en 11 april 2021 by Oer ’t Hout. De al ferkochte kaartsjes bliuwe jildich. Wy hoopje tige dat RUG op 17 jannewaris en Inez Timmer op 12 maart trochgean kinne, mar as de ôfstân fan 1,5 m dan noch jildt, sille we se útstelle moatte. Fierder sykje we noch nei in oanbod dat net ôfhinklik is fan de 1,5 m. Ek hoopje we stikem dat ús jeugd de ynstudearre ienakters noch fan’t hjerst opfiere kin en dan 27 maart mei wat nijs komt. Hâld ús webside yn de gaten en dan spesjaal de rubryk Nijs. Kriteleden wurde ek fia de mail op de hichte holden.
Sjoch foar mear ynformaasje ús nijsbrief:
Nijsbrief Kritenijs – july 2020