Jiergearkomste en 2021-2022
Op 12 april 2021 hat de skriuwer fan de Krite Grou Nynke Roodbergen alle minsken oanskreaun per mail oer de jiergearkomste 2019-2020.
Der wienen hielendal gjin ynhâldlike reaksjes.
Allinnich wienen der wol in pear dat Nynke alle maiiladressen fan leden neamd hie by Cc., en dat hie fansels Bcc. wêze moatten. Letter hat se de mail noch in keard stjoerd en wol alle minsken by Bcc. Neamd. By it brûken fan Bcc. Is foar de ûntfangers net sichtber nei welke mailadressen de mail noch mear stjoerd is.
De 15 leden dy’t gjin mail ha of wêrfant wy it mailadres net witte krije de stikken fan de jiergearkomste 2019-2020 op papier.
Op tongersdei 30 septimber 2021 hoopje wy wer (as Corona it talit) in normale jiergearkomste hâlde te kinnen, dan oer it ferieningsjier 2020-2021. Nei it skoft sil dy jûn Auke Zeldenrust komme en ús fertelle oer de Joadske Brulloft. Wy hoopje dat dan aardich wat minsken komme.
Oer dizze jûn, en oer de rest fan it programma, krije jim noch berjocht. Yn july sil it hiele programma fan De Krite foar 2021-2022 op de webside ferskine, en letter krijt elkenien it thús op papier troch de brievenbus.