Krite Grou organisearret  De Kulturele Kuiertocht 2020

Wannear: Op snein 8 novimber 2020 om 14.15 oere.

Wêr: Dat stiet op jim tagongskaartsje…..

Jim kinne fan no ôf kaarten keapje by: Jan en Japke (Hoofdstraat 40) yn Grou

De kaarten kostje foar leden 18,50 euro p.p. / net-leden 20,00 euro p.p.

Wat kinne jimme ferwachtsje?

Dat wolle wy noch net ferklappe, dat moat in ferrassing bliuwe. Wat wy wol sizze kinne is,  dat it in programma wurdt mei in protte ôfwikseling. Wy witte no al dat jimme in hiele noflike middei temjitte gean!

Jim meitsje in kuier by fjouwer lokaasjes troch it sintrum fan Grou lâns. Dêr wurde fjouwer foarstellingen jûn, dy’t tagelyk plakfine sille. Dan wurdt der wiksele fan lokaasje. Dat hâldt yn dat wy by elke foarstelling net mear as 30 taskôgers yn de seal talitte en fansels mei it yn acht nimmen fan 1.5 meter ôfstân (famylje útsûndere).

De  Kulturele Kuiertocht begjint dy sneintemiddei om 14.15 oere en duorret oant ûngefear 18.00 oere ta.

Wat wy ek noch kwyt wolle is, dat it in ‘Coronaproof programma’ wurdt. De Corona-protokollen wurde troch ús neilibbe. Wol belangryk is dat, as jo op de dei fan de foarstelling net fit binne, jo thúsbliuwe moatte.  Hâld by it wikseljen fan de foarstellingen rekken mei de 1.5 meter ôfstân fan elkoar.  Jim binne en bliuwe sels ferantwurdlik foar jim eigen gedrag.

Ha wy jimme nijsgjirrich makke???? Keapje dan alfêst kaarten.