Krite seizoen 2021-2022 is ôfrûn.

Kriteseizoen 2021-2022 is klear! We ha, wylst Corona dochs net hielendal fuort wie, dit seizoen in oantal prachtige foarstellingen hân.

Sa as de Kuiertocht, Wat Soesto! fan Pier21, Inez Timmer, in kofjekonsert mei Grytz en Grize en Jan Arendz en Marijke Geertsma net te ferjitten.

It bestjoer fan Krite Grou is al wer drok dwaande in moai programma foar seizoen 2022-2023 gear te stallen. Dit sil ynkoarten definityf makke wurde..

Eltsenien in goede simmer en oan’t it nije kulturele seizoen, we beginne it Krite seizoen mei de jiergearkomste op 30 septimber o.s.

Foar alle foarstellingen bliuwt natuurlik jilden dat we ús oan de op it momint fan de foarstelling jildende RIVM-rigels oangeande Corona hâlde.

Hâld ús webside yn de gaten en dan spesjaal de rubryk Nijs. Of folgje ús fia facebook. Kriteleden krije ek fia de mail berjocht.