Kaartferkeap seizoen 2021-2022 giet fan start!

De kaartferkeap foar de Krite-foarstellingen sil beginne!
Fanôf moandei 4 oktober 2021 sil de kaarten beskikber wêze.
De kaartferkeap foar Wat Soesto fan Pier21 giet alhiel digitaal fia ynternet. Fia de webside www.Pier21.nl kin de kaarten by VanPlan kocht en gelyk digitaal betelle wurde.
Ek sil der in link op ús webside www.kritegrou.nl komme by it programma-underdiel Wat Soesto. Fia die link komst op deselde VanPlan side om kaarten te keapjen en beteljen.
Ek de kaartferkeap fan Heit en Soan fan Tryater/Wittermans Producties kin digitaal fia www.tryater.nl, mar ek fia ús 4 spoaren. Dizze 4 spoaren stean op it tabblêd ‘Kaartferkeap’.
Foar de oare foarstellingen rint de kaartferkeap fia de 4 spoaren die jo fyne op it tabblêd ‘Kaartferkeap’.