Jiergearkomste Krite Grou

Wy nûgje de Krite-leden fan herte út foar de jiergearkomste fan Krite Grou. De gearkomste wurdt holden op tongersdei 1 oktober 2020 om 20.00 oere by Hotel Oostergoo.

Nei de ledegearkomste mei de wenstige agindapunten, binne fan 20.45 oere ôf ek net-leden wolkom. Om 21.00 oere nimt Auke Zeldenrust ús mei yn syn ferhaal oer en mei bylden fan de Joadske Brulloft. De tagong is fergees. Yn de bylage mear oer de aginda en de Joadske Brulloft. Fanwege corona en de 1,5 meter ôfstân kinne we maksimaal 40 minsken pleatse.

Oanmelding is needsaaklik en kin o/m 30 septimber op mailadres info@kritegrou.nl.

Komme jim mei mear persoanen út ien húshâlding, dan dat der graach by sette. By de yngong komt in list mei de oanmeldings te lizzen en wurdt jo frege nei de sûnens.