Krite toaniel: hoe giet it en hoe komt it?
It is wat stil, mar wy dogge ûndanks tuskentroch sykte, corona, quarantaine, lockdowns, noch hieltyd ús bêst mei de rippetysjes fan it Kritetoaniel. Dochs is der in feroaring: de data fan foarstellingen wurde noch neier fêststeld en helaas koe Marian de Jong de rol fan Marie net langer ynfulle troch omstannichheden. Mar, Marian komt fêst noch in kear ijzersterk werom op it toaniel! In nij Grouster talint! Gelokkich hawwe wy in ijzersterke ferfangster fûn: Anja Woudstra-Spoelstra , dy’t jimme miskien noch kinne fan har glansrol as Marie yn it Sint Pitermearke, sil de rol fan Marian oernimme. Tafal? Ek yn dit stik spilet Anja wederom in Marie! Wy hoopje jimme allegearre te sjen by ” Swart is sa tryst”!