Nijs fan ús Jeugdtoaniel

Yn de hjerst fan 2021 binne d’r toanielworkshops west foar jeugd. Ûnder lieding fan Grytha Visser wienen d’r no twa groepen dy’t trije jûnen by mekoar west ha. Se fûnen it stik foar stik machtich en doarden harren ek te jaan wat emoasjes en kreativiteit oanbelanget. Prachtich om te sjen!

Hoe’t we no yn 2022 fierder sille mei it jeugdtoaniel is noch net bekend. Der binne wol ideeën mar wy ha besletten om earst op bettere tiden te wachtsjen wêr’t yn mear kin en mei. De ienakters fan it jeugdtoaniel op sneon 26 maart 2022 gean dan ek net troch. We pakke it wol wer op sa gau as it kin. Oan dizze jeugd sil it yn elts gefal net lizze. Want se fûnen it allegear nei mear priuwen en wolle graach harren talinten oan it publyk sjen litte!