Jiergearkomste Krite Grou giet net troch
De jiergearkomste fan Krite Grou kommende tongersdei 1 oktober by Oostergoo giet net troch. It bestjoer achtet it net ferantwurde om yn dizze tiid fan oprinnende coronasifers en strengere maatregels ús ledegearkomste mei de lêzing fan Auke Zeldenrust te hâlden. Tige spitich, mar it is net oars. Wy hoopje, krekt as elkenien, op bettere tiden.
