RUG wurdt ferset nei Kriteseizoen 2022-2023
Spitich, mar corona bliuwt ús wer dwers sitten.. Rjochtstreeks út Grou (RUG) op snein 9 jannewaris 2022 giet net troch.
We skowe it troch nei it Kriteseizoen 2022-2023 en komme letter mei in nije datum.
De kaartsjes dy’t ferkocht binne, bliuwe jildich.
Wolle jo it kaartsje leaver ynleverje, dan kin dat fansels ek. De kaart(en) dan graach mei fermelding fan namme en bankrekkennûmer ynleverje by Lies Oppedijk, De Blei 12 of by Herman Oldenhof, Abbema 13. It jild wurdt dan sa gau mooglik weromstoart.
We hoopje dat we oar jier wer mear kinne.