Nei slagge filmjûn op nei ‘Bokwert’

Freed 22 septimber wiene der aardich wat minsken ôfkaam op de jiergearkomste fan Krite Grou by Oer ‘t Hout mei oanslutend de Fryske filmjûn. Herman Oldenhof is nij yn it bestjoer beneamd en nimt it ponghâlderskip oer fan Rieneke Feenstra. Rieneke bliuwt noch wol in jier yn it bestjoer.

Nei it skoft skoden ek inkele net-leden oan foar de filmjûn mei Auke de Witte. Fan Auke krigen we in nijsgjirrich ferhaal te hearren oer wat der allegear komt te sjen by it meitsjen fan in spylfilm. It ferhaal waard yllustrearre mei it fertoanen fan inkele fan syn (koarte) films wêrûnder de Frysktalige film Dilemma dêr’t ek Krite-foarsitter Wouter de Vries in roltsje yn hat. Dy film wûn dit jier in earste priis op it Nova-Noord Filmfestival.

Bokwert

De folgjende Krite-útfiering is op sneon 14 oktober om 20.00 oere by Oostergoo. Dêr spilet J&M Teaterwurk, mei de nije Grousters Jan Arendz en Marijke Geertsma, de foarstelling Bokwert, Kulturele Hoofdplaats 2018. Jan en Marijke hawwe har paadsje yn de toanielwrâld al mear as skjinfage, dat wy rekkenje op in prachtige jûn mei in soad humor. De kaartferkeap rint goed, dus wês der gau by! Hoe? Dat is te lêzen op dizze webside ûnder de knop kaartferkeap.

2017-09-25T08:27:55+00:00