J&M Teaterwurk – Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018

‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018’ is in foarstelling oer in gemiddeld Frysk doarp dat samar ynienen de kâns krijt om yn 2018 Kultureel Haadplak te wêzen. Men soe ferwachtsje dat elk him der yn grutte ienriedigens achter set, mar yn de praktyk binne de ûnderlinge mieningsferskillen grut, sa’t dat by Ljouwert KH2018 ek it gefal is. Moat der yn Bokwert ek in fontein komme? Is de skries de iennige fûgel dy’t bedrige wurdt? Heart in doarpsfeest ta it ‘culturele erfgoed’? 

Bokwert’ giet net allinnich om de ‘eer fan Culturele Hoofdplaats’, mar ek oer ûnderlinge ferhâldingen, persoanlike ferhalen, oer konflikten en ûnderlinge strideraasje.

‘Bokwert’ wurdt spile troch Marijke Geertsma, Jan Arendz en Anneke Hondema.

Oare foarstellings