Grouster Kritetoaniel – Chez Cherard

Nei acht jier stilte stiet it Grouster Krite-toaniel wer op de planken. Wat binne we dêr wiis mei! Grou hie altyd in grutte namme yn de amateurtoanielwrâld en spile yn de toanielkriich faak om de heechste plakken. Entûsjaste minsken, jong en âld, âlde en nije Grousters ha de tried wer oppakt.

It resultaat is dat yn jannewaris twa kear it stik Chez Cherard spile wurdt, in blijspul skreaun troch Haye van der Heyden. It stik is oerset yn it Frysk troch âld-Grouster Anja Steegstra dy’t ek foar de rezjy tekenet.
‘Chez Cherard’ spilet yn Frankryk. Twa Fryske mannen sille dêr in wenning opknappe en krije help en advys fan trije froulju. De renovaasje ferrint dêrtroch wat trager as ferwachte. Mear fertelle we net, mar it naait der betiden út. Allegear komme! Jim krije der gjin spyt fan.

Fansels dogge we ek wer mei oan de Kriich. Fryslân sil witte dat it Grouster Kritetoaniel der wer is!

Oare foarstellings