Achmea Culpa – Kredyt

Wer werom yn Grou: Achmea Culpa. Dizze kear mei it stik Kredyt. It publyk sit wer yn de grutte seal fan Hotel Oostergoo om de taap hinne. Soms as publyk, soms as kafeegast. Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma ferskine foar en achter de taap yn ferskate rollen, de ien noch healwizer as de oare. Mar yn de stikken fan Gerrit Breteler sit ek altyd in serieuze, maatskippijkrityske ûndertoan.

Wis is dat yn dit stik wer in soad te laitsjen falt, oer Twentske Hettie dy’t in boek skriuwt, oer politikus Peter van der Klamp, oer Knilles en oer Jabke, it fleksibel postkantoar. Safolle minsken safolle ferhalen. Yn ‘Kredyt’ komme se byelkoar yn kafee ‘De Bûnte Bok’.

Nederlandse vertaling

Oare foarstellings

2017-08-28T10:40:02+00:00