Tryater mei Doarp Europa yn Grou

Sneon 20 en snein 21 oktober stiet sûnt sawat tsien jier Tryater wer by Krite Grou op it programma. Doarp Europa gie 12 oktober yn premjêre en krige yn de LC mar leafst fjouwer stjerren as wurdearring. Tryater siket yn dizze nije foarstelling mei in grutte groep fan spilers, muzikanten en dûnsers nei de ferhalen fan it Europeeske plattelân. Kommende sneon om 20.00 oere en snein om 15.00 oere is Doarp Europa by Van Vuuren Deuren te bewûnderjen. Wês derby, keapje gau kaarten! Sjoch foar mear ynformaasje dêroer op dizze webside.

Op ’e kofje by Joast yn Museum ‘Hert fan Fryslân’

De bruorren Halbertsma, benammen Joast, ha in protte troch Europa reizge op syk nei âldheden en kulturele tradysjes. Joast syn ‘Kabinet fan âldheden’ wie eins it begjin fan it Frysk Museum. Museum ‘Hert fan Fryslân’ yn Grou wijt dit jier in spesjale eksposysje oan dizze ‘Wrâldboarger út Grou’. It museum jout de besikers fan ‘Doarp Europa’ op fertoan fan harren kaartsje (fan sneon of fan snein) op dy beide dagen fergees in rûnlieding mei dêrby in kopke kofje of tee mei ‘Dimter koeke’. Joast Halbertma wie nammentlik lange tiid dûmny yn Dimter. Foar Freonen fan it museum is ek de tagong sa as altyd fergees, foar oare besikers jildt de gewoane priis. Kofje en koeke stean foar jo klear fan healwei 11 oant healwei 1 oere.

.