Súkses Kritetoaniel mei premjêrestik
Freed 19 en sneon 20 jannewaris wie it safier. Nei acht jier stie it Grouster Kritetoaniel wer op de planken. It stik Chez Cherard waard mei fleur en faasje spile yn restaurant Oan ’t Wetter. It spilet yn Frankryk en der rôlen aardich wat Frânske klanken de seal yn. It wie foar it earst dat it yn ’t Frysk spile waard, in premjêre dus. De seal wie freed hast en sneon hielendal útferkocht, mei-inoar krapoan 300 besikers!. De reaksjes wiene tige entûsjast en posityf. Grou is bliid en grutsk dat it Kritetoaniel wer werom is!
De spilers yn dit stik binne: Wouter de Vries, Harmen Brouwer, Jildou Hotsma, Joke Poortman en Tjitske de Vries. Ynstekster is Annie Bosma en Anja Steegstra tekenet foar de rezjy en foar de Fryske oersetting. Assistinsje komt fan Edwin Meester en Wim de Goede (ljocht en lûd), Teatske Jongsma (kleanadvys en schmink), Klaas-Jan Bosma en Terèse IJdema (dekôrûntwerp en skilderwurk) en Jouke Poortman en Klaas Bosma (bouploech). In bysûnder wurd fan tank giet nei gasthear Peter Wouters fan restaurant Oan ‘t Wetter dêr’t we moannenlang twa kear wyks fergees repetearje mochten.