Freedtejûn noch kaarten Kritetoaniel

De sneontejûn fan de útfieringen fan it Kritetoaniel is útferkocht! Krite Grou spilet it stik Chez Cherard (Bravo) op freed 19 en sneon 20 jannewaris yn restaurant Oan ’t Wetter op camping Yn ‘e Lijte. Foar freed de 19e binne noch kaarten te krijen, mar wês der gau by. Beide jûnen wurde opfleure mei  muzyk fan de groep No Limits. Mear ynformaasje oer de kaartferkeap en de ynhâld fan it stik is ek te finen op dizze side.

It is al wer acht jier lyn dat it Kritetoaniel foar it lêst op de planken stie.