Sneontejûn Kritetoaniel útferkocht
De sneontejûnsfoarstelling fan it Kritetoaniel is al útferkocht! It stik Gewoan te Gek wurdt trije kear opfierd: freed- en sneontejûn om 20.00 oere en sneintemiddei om 15.00 oere, 18, 19 en 20 jannewaris. Alle kearen by Restaurant Oan ’t Wetter. Gewoan te Gek is in blijspul oer fjouwer eks-psychiatryske pasjinten. De rezjy is yn hannen fan Tsjitske Stoer. Der dogge mar leafst acht spilers oan mei, wêrûnder in flink tal nijelingen.
Foar freed 18 en snein 20 jannewaris binne noch wol kaarten te krijen. Wêr? Fansels by Jan & Japke, mar it kin ek fia de mail of telefoanysk. Sjoch ûnder ‘Kaartferkeap’ op dizze webside. Wês der gau by.