Revu ‘Bylden fan de Bruorren Halbertsma’ online

De revu ‘Bylden fan de Bruorren Halbertsma’ dy’t yn novimber 2000 opfierd is ta gelegenheid fan it 125-jierrich bestean fan de Krite Grou, is no foar elkenien te sjen. Dat makke Krite-foarsitter Wouter de Vries freedtejûn bekend op de jiergearkomste fan Krite Grou by Herberch Oer ‘t Hout. De revu is destiids skreaun troch Jan de Vries en tal fan bekende Grousters dogge deroan mei. It notiidske bestjoer  fan de Krite fûn in fideobân fan de revu yn it argyf en hat dy digitalisearje litten by it Frysk Filmargyf. Ald-Grouster Syds Wiersma, koördinator fan it Frysk Filmargyf, wie der tige wiis mei en hat  soarge dat de bylden fan ‘e wike online set binne. Klik hjir.

Op de jiergearkomste fan Krite Grou  wiene 25 leden ôfkommen. Se hearden dat it der goed foar stiet mei de Krite. De finânsjes op oarder, in ôfwikseljend winterprogramma en de toanielpoat wer folop yn bedriuw. Yn it bestjoer waard ôfskied nommen fan Rieneke Feenstra en Hendrika Vis. Harren plak is ynnommen troch Femke van Heijnsbergen en Betty Hooghiemster. Nei it skoft soarge de Grouster band Volk! noch foar in muzikaal sfearfolle ôfsluting fan de jûn.