Prachtich kofjekonsert Bauke en Campbell

Snein 12 novimber ha we in prachtige moarn hân yn Oer ’t Hout mei Bauke van der Woude en Campbell Forbes. De beide mannen lieten ús dêr sa’n oardel oere lang genietsje fan  libbenslieten. Gefoelich, soms serieus, soms humoristysk en oanklaaid mei ferhaaltsjes oer it libben fan Bauke en fan Campbell, mar eins oer it libben yn it algemien, dus fan ús allegear. Der wie aardich folk op ôfkaam, der moasten sels stuollen byset wurde. Ek dizze twadde Krite-aktiviteit wie dêrmei in súkses.

Op 8 desimber is by hotel Oostergoo Achmea Culpa te gast mei it program Kredyt. Dat sil der grif wer omwei gean. It oantal te ferkeapjen kaarten is beheind, wês der dêrom gau by!