Nije webside Krite Grou yn de loft

In heuchlike dei, moandei 28 augustus 2017. De nije webside fan Krite Grou is yn de loft. Oersichtlik en dúdlik mei in moaie strakke lay-out. Mei tank oan ûntwerper Jitske Weijers-Velstra fan Fieldstar. Sa kin de hiele wrâld sjen wat Krite Grou allegear út de wei set en by de ein hat. Septimber 2016, noch net in jier lyn, wie de opheffingsgearkomste fan de Krite útskreaun.

Mar tiden hawwe tiden. Wat kin der yn in koart skoftke tiid in soad feroarje. De Krite brûst wer fan enerzjy. Net allinnich stiet it programma foar it kommende seizoen as in hûs, ek it Kritetoaniel giet wer los. Grou hat dat acht jier misse moatten, mar it nije bestjoer hat dat wichtige Krite-ûnderdiel mei faasje oppakt en yn jannewaris stiet it Grouster toaniel wer op de planken. En hjoed dus de nije webside. In heuchlike dei sadwaande.