’n Zomer zonder vrouw… in Grou útferkocht

De foarstelling ‘n Zomer zonder vrouw… in Grou is útferkocht. De foarstelling is freedtejûn 7 septimber op Grouster Merke te sjen yn De Twine, mar alle 500 kaartsjes binne al fuort. It giet hjir om in gearwurking tusken FFF en Krite Grou dy’t deryn slagge binne dizze bysûndere tragikomeedzje, spile troch Ernst Daniël Smid en Bartho Braat, nei Grou te heljen. It is de lêste kear dat it stik te sjen is.