Kritetoaniel siket jeugdspilers

No’t it Kritetoaniel nei acht jier de fuotten wer ûnder it gat krijt en mei grut súkses de foarstelling Chez Cherard spile hat, wolle we graach fierder foarút sjen. Ien fan ús ambysjes is om yn Grou jeugdtoaniel fan de grûn te krijen. Dat liket ús net allinnich moai foar de jeugd om se in kâns te bieden har talinten yn dy kreative rjochting te ûntploaien. Wy sjogge it ek as in ynvestearring yn de takomst fan it Grouster Kritetoaniel.

Foar ús jeugdtoaniel sykje we bern yn de leeftyd fan 12 oant 16 à 17 jier. Liket it dy wat ta? Nim dan kontakt op mei Kritefoarsitter Wouter de Vries, telefoan 06-36313185. Wy soene it hartstikke moai fine ast derby komst!

Foar it ‘grutte’ Kritetoaniel soene we ek graach mear spilers achter de hân hawwe. Fierder is der ek achter de skermen altyd fan alles te dwaan, sa as dekôropbou en skilderwurk. Hawwe jo belangstelling? Nim dan kontakt op mei Wouter de Vries. Sjoch ek by In hantsje helpe.