Kriteprogramma 2018-2019

It Kriteprogramma foar it nije seizoen is klear. In programma dat neffens ús klinkt as in klok dêr’t elk wol wat fan syn gading yn fine kin, fan toaniel oant muzyk oant film. Jitske Velstra fan Fieldstar hat alles wer in oersichtlik plakje jûn op in prachtige folder dy’t hûs-oan-hûs rûnbrocht wurde sil tagelyk mei it programma fan FFF. Ek op ús webside kinne jim alle ynformaasje oer de Krite en it nije programma fine.

Wy hoopje jim ynkoarten te sjen by ien of mear fan ús foarstellingen. Leden hawwe dêr meast in oantreklike koarting by. Dus, as jim it noch net binne, wurd no lid foar 6 euro jiers. Dat hawwe jim der nei in pear foarstellingen al wer út.