Krite Grou toant spylfilm Amama

Krite Grou lit op freed 16 novimber de sfearfolle Baskyske spylfilm Amama yn Grou sjen. Dat is slagge yn gearwurking mei it EBLT, it Europeesk Buro foar Lytse Talen.
Amama giet oer in generaasje- en opfolgingskonflikt yn in Baskyske boerefamylje, sa’t dat him ôfspilet ûnder de eagen fan Amama (beppe). De jongste generaasje op de boerepleats, dy’t al generaasjes lang yn de famylje is, wrakselet mei it takomstperspektyf. In tematyk dy’t ek foar it Fryske plattelân werkenber is.

Baskyske films slagje der hieltyd better yn om in ynternasjonaal publyk te berikken. Amama hat furoare makke op filmfestivals troch hiel Europa. De beppe wurdt spile troch Amparo Badiola, in natuertalint dat op har 80ste in oertsjûgjend filmdebút makket.
De film wurdt fertoand yn Hotel Oostergoo en begjint om 20:00 oere.