Kredyt boppeslach foar folle seal
Der is wat ôflake freedtejûn 8 desimber yn hotel Oostergoo. Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma soargen der foar in útferkochte seal foar dat de minsken geregeld dûbeld leine fan it laitsjen. Geweldich sa’t Anke en Gerrit as Achmea Culpa yn de foarstelling ‘Kredyt’ allerhanne frjemde types útbylden. Fansels moasten ek ferskate minsken yn de seal it ûntjilde, ta grutte hilariteit fan de oaren. Want it is altyd better as in oar foar gek stiet as dat soks josels oerkomt.