Kom nei Kritetoaniel yn jannewaris

As lêste (en bêste?!) programma fan dit Krite-seizoen stiet ús eigen Kritetoaniel nei acht jier wer op de planken. Dat sil wêze op 19 en 20 jannewaris om 20.00 oere yn restaurant Oan ’t Wetter op camping Yn ’e Lijte. Dêr wurdt op dit stuit al drok repetearre. Ek oaren, sa as de bouploech, binne al wakker yn ’t spier.

It blijspul ‘Chez Cherard’ is skreaun troch Haye van der Heyden en oerset yn it Frysk troch âld-Grouster Anja Steegstra dy’t ek de rezjy docht. ‘Chez Cherard’ spilet yn Frankryk. Twa Fryske mannen sille dêr in wenning opknappe en krije help en advys fan trije froulju. De renovaasje ferrint dêrtroch wat trager as ferwachte. It naait der betiden út, mar der sit ek in serieuze, faaks werkenbere, ûndertoan yn.

Beide jûnen kin nei ôfrin dûnse wurde op muzyk fan No Limits. Allegear komme! Helje of bestel gau kaarten (sjoch by ‘kaartferkeap’ op dizze webside).