Kaarten ‘It wie op in simmerjûn’ fleane fuort

De toanielfoarstellingen fan Krite Grou sitte der wer op. Alle trije tige slagge mei in soad publyk dat genietsje koe fan it blijspul Gewoan te Gek. Foar de spilers – wêrûnder in flink tal nijelingen – en de minsken deromhinne foarme it de ein fan in healjier drok repetearjen en tarieden. Mar ek fan in soad wille en gesellichheid. De lêskommisje sil ynkoarten al wer los mei it útsykjen fan in gaadlik stik foar takom winter. It Kritetoaniel hat de gong deryn! En it jeugdtoaniel komt ek stadichoan fan de grûn.

It seizoen is lykwols noch net dien. De earstfolgjende Krite foarstelling is it stik ‘It wie op in simmerjûn’ fan Pier21, spile troch Jan Arendz en Joke Tjalsma, skreaun troch Bouke Oldenhof en regissearre troch Jos Thie. De premiêre wie 16 jannewaris en hie in geweldige resinsje. De tematyk (eutanasy)  is earnstich, mar nettsjinsteande dat wurdt der in soad lake. It is op 8 maart te sjen yn OSG Sevenwolden yn Grou. De kaarten fleane fuort, dus wês der gau by!