Jiergearkomste Krite Grou en Fryske filmjûn
It bestjoer fan de Krite Grou nûget syn leden fan herte út foar de jierlikse ledegearkomste.
It twadde part fan de jûn binne ek net-leden tige wolkom by de Fryske filmjûn.
Datum: 22 septimber 2017
Tiid:
20.00 oere: jiergearkomste (foar leden)
21.00 oere: Fryske filmjûn (ek foar net-leden; ynrin fan 20.45 oere ôf)
Plak:
Herberch Oer ’t Hout
Wurklist ledegearkomste 20.00 oere:
- Iepenjen troch de foarsitter
- Ynkommen stikken en meidielings
- Ferslach jiergearkomste 28.09.2016* en ekstra ledegearkomste 15.12.2016*
- Jierferslach skriuwer*
- Jierferslach* en begrutting ponghâlder
- Ferslach kaskommisje en beneamen kaskommisje
- Bestjoersferkiezing
Tuskentiids binne ôfgien Sjoerd de Jong en Kor Hylkema.
It bestjoer stelt kandidaat: Herman Oldenhof.
- Stân fan saken en foarútblik kommende winterskoft
- Omfreegjen
- Sluten
* De gearkomstestikken binne fia de mail op te freegjen by info@kritegrou.nl.