Húskeamerfoarstellingen Doarp Europa súkses

De beide húskeamerfoarstellingen fan Doarp Europa op woansdei 3 oktober yn Grou wiene in súkses. De foarstellingen waarden spile yn de húskeamers fan Fraukje Bruggink oan de Haadstrjitte en by Peter van den Broek oan de Foarplecht. By Peter wiene 15 taskôgers en by Fraukje 16 wêrûnder ek in pear Nederlânske toeristen. Dy fûnen it tige aardich, ek om’t it yn it Frysk spile waard. By beide foarstellingen wiene de reaksjes posityf.

 De húskeamerfersy fan Doarp Europa wie in yntime foarstelling mei 3 spilers dy’t as oanrin nei de grutte foarstelling beskôge wurde kin. Dy grutte foarstelling Doarp Europa spilet twa kear by Van Vuuren yn Grou, ntl. op sneontejûn 20 en sneintemiddei 21 oktober. Oan dy foarstelling docht in grutte groep spilers, muzikanten en dûnsers mei. In hiel spektakel dus. Mear ynformaasje op dizze webside. De foarferkeap is al yn folle gong. Mis it net, keapje no jim kaartsje.