‘Bokwert’ grut súkses foar folle seal

Der is wat ôflake sneontejûn 14 oktober yn Oostergoo! Jan Arendz en Marijke Geertsma spilen foar in útferkochte seal harren nijste stik ‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018′. Aktueel, werkenber en tige humoristysk. Anneke Hondema fertolke de rol fan deputearre Sietske Poepjes. It publyk skuorde him betiden de bûsen út, of de buisen uit sa’t se yn Bokwert sizze soene. “It wie foar ús ek in topjûn”, sa sei Jan Arendz nei ôfrin fan de foarstelling.

Nei dizze tige slagge Kritejûn geane we op nei de folgjende foarstelling. Dat is it kofjekonsert fan Bauke van der Woude & Campbell Forbes op snein 12 novimber moarns om 10.30 oere by Oer ‘t Hout. Mei prachtige Fryske lietsjes ek tige de muoite wurdich. Helje gau kaarten, de kofje stiet foar jim klear!