Krite Grou siket nij talint!

It kommende seizoen kin de Grouster jeugd op ‘e nij meidwaan oan teaterworkshops. Dy workshops stean ûnder begelieding fan Grytha Visser fan Stifting Keunstwurk en wurde jûn op tiisdeitejûn 2, 9 en 16 novimber yn de Brede Skoalle (OBS de Twa Fisken / CBS Nijdjip). De kosten binne (yn totaal) € 20,00 p.p.
Yn de workshops komme de folgjende saken oan bod: romtegebrûk, tekstbehanneling en ymprovisearjen. De workshops wurde jûn yn it Frysk. It is no net in eask datst Frysk prate kinst, mar ferstean wol.

Dit jier jout Grytha it oan twa groepen: in groep mei bern út groep 7 & 8 fan OBS de Twa Fisken en CBS Nijdjip en in groep mei middelbere skoalbern dy’t yn Grou wenje.

Koartsein:
3 teaterworkshops
Tiisdeitejûn 2, 9 en 16 novimber
Groep 7 & 8 fan: 18:15 oant 19:30 oere
Middelbere Skoalbern fan: 19:45 oant 21:00 oere
Lokaasje: Brede Skoalle yn Grou
Kosten: €20,00 p.p.
Jim kinne jim hjir foar opjaan oant 29 oktober. Dit kinne jim dwaan troch in mailtsje te stjoeren nei jeugd@kritegrou.nl. Ek foar fragen kin in mailtsje stjoerd wurde nei dat adres.