Kaarten ferfalle foar útfiering jeugdtoaniel
De jeugdspilers fan Krite Grou soene harren ienakters opfiere op freed 9 en sneon 10 oktober by Hotel Oostergoo. Mar nei oanlieding fan de nije corona-maatregels hat it Kritebestjoer dêr in oantal besluten yn nimme moatten. Om te foarkommen dat der tefolle minsken by oanwêzich binne, binne der per jeugdspiler noch mar 2 famyljeleden / taskôgers tastien op sneon 10 oktober. De foarstelling fan freed 9 oktober komt dus te ferfallen.
It is no dus op ‘útnûging’ en dêrmei komme spitigernôch in tal kaarten te ferfallen…..
MAR: op sneontejûn 10 oktober komt der wol in livestream fia Facebook! Dus minsken dy’t net (mear) komme kinne, freegje we efter de laptop sitten te gean! Boppedat kin dan elkenien nei de aktearkeunsten fan de jeugd sjen, want it wurdt in iepenbiere livestream fia it Facebook account fan Krite Grou.
We begripe dat der no kaartsjes kocht binne dy’t net brûkt wurde. Dat spyt ús tige mar wy sjogge gjin oare mooglikheid. As jimme it tagongsjild werom ha wolle, stjoer dan in mailtsje nei kaarten@kritegrou.nl. As jimme it jild net werom hoege, dan tankje we jimme foar jim stipe! En we sjogge jim dan fansels graach ûnder oare omstannichheden wer ris by in opfiering fan it jeugdtoaniel!