Kritejeugd is der klear foar
12 Grouster jongeren – 2 ienakters – 10 repetysjes – 120 bekers limonade – 4378 Fryske wurden – 1 koffer – in protte ‘alkohol’ – 29 dropkes – 46 lachsalvo’s – en tal fan ymprovisaasje-oefeningen…
Foar it earst offisjeel yn it programma fan Krite Grou opnommen: in jûn fersoarge troch Grouster jeugd! Njoggen fammen en trije jonges hawwe ein 2019 trije kear byelkoar west om ûnder lieding fan Jan Arendz en Marijke Geertsma te wurkjen oan harren aktearkeunsten. Dêrnei binne der 2 ienakters útkeazen dêr’t de jeugd yn jannewaris mei oan de slach gien is ûnder lieding fan Alinda Talsma.
De beide fleurige ienakters binne: ‘Fakânsje’ en ‘Net foar de poes’.
Benijd hoe’t Kees Jan, Jildou B., Jildou H., Jurre, Redmer, Fardau, Wike, Phileine, Emma, Sibrecht, Marthe en Ilselyn (net op de foto) it derôf bringe? Keapje dan in kaartsje by Dierenspeciaalzaak Jan&Japke (te Grou) of troch in mailtsje te stjoeren nei kaarten@kritegrou.nl en notearje sneon 28 maart yn jo aginda! Lokaasje: Restaurant Oan ’t Wetter; tiid: 20.00 oere; priis: 5 euro.
Op de foto boppe fan links nei rjochts:
Kees Jan Bijlsma, Jildou Bouma, Jildou Hania, Jurre Buwalda, Redmer Kornet
ûnder: Fardau Karssen, Wike Talsma, Phileine Zwiers, Emma Baarda, Sibrecht Bouma en Marthe v/d Meer.
Foto: Marian de Jong.