Jiergearkomste en muzykjûn mei Volk!

De kaartferkeap foar it nije Krite-seizoen is begûn! Der steane wer in tal prachtige foarstellingen op it programma, dat wês der gau by. Op 28 septimber binne jim wolkom op ús jiergearokmste.

It bestjoer fan de Krite Grou nûget syn leden fan herte út foar de jierlikse ledegearkomste.

It twadde part fan de jûn binne ek net-leden tige wolkom by it optreden fan Volk!

Datum: 28 septimber 2018

Tiid:
20.00 oere: jiergearkomste (foar leden)
21.00 oere: Muzykjûn mei Volk! (ek foar net-leden; ynrin fan 20.45 oere ôf)

Plak:
Herberch Oer ’t Hout

Wurklist ledegearkomste 20.00 oere:

  1. Iepenjen troch de foarsitter
  2. Ynkommen stikken en meidielings
  3. Ferslach jiergearkomste 22.09.2017*
  4. Jierferslach skriuwer*
  5. Ferslach kaskommisje en beneamen kaskommisje
  6. Jierferslach en begrutting ponghâlder*
  7. Bestjoersferkiezing
    • Ôfgeand en net werkiesber binne Rieneke Feenstra en Hendrika Vis
    • It bestjoer stelt kandidaat: Femke van Heijnsbergen en Betty Hooghiemster
  8. Stân fan saken
  9. Omfreegjen
  10. Sluten

21.00 oere: Muzykjûn mei ús eigen Grouster band Volk! Ek net-leden tige wolkom!

Volk! spilet folk, jazz, eigen lietsjes en ‘neidochdingen’ (covers). En dat allegear yn it Frysk. Se spylje har muzyk mei eigen arranzjeminten en in protte drama, humor en teater.

* De gearkomstestikken binne fia de mail op te freegjen by info@kritegrou.nl.