Nijsbrief Krite Grou
Hjoed is de earste digitale Nijsbrief fan Krite Grou ferstjoerd nei de Kriteleden mei in by ús bekend mailadres. Dêryn wurdt in priuwke jûn fan wat Grou it kommende winterseizoen oan moaie kultuer ferwachtsje kin. En dat is net gering. Wy binne der yn slagge om mar leafst 7 foarstellingen fêst te lizzen, soms yn de mande mei oaren lykas FFF. De bern wurde net fergetten en ek in filmjûn is opnommen yn de programmearring. Fansels stiet ús eigen Kritetoaniel yn jannewaris wer op de planken. Besjoch de nijsbrief: