De kulturele Krite-aktiviteiten kinne wer oangean!

Wat krigen we ôfrûne tiisdei moai nijs te hearren fan Ernst Kuipers: de kulturele aktiviteiten kinne wer oangean!
Nei dit goede nijs wolle we jim op de hichte bringe fan it oerbliuwende Krite programma yn dit foarjier:

Kritetoaniel
Helaas kin we it Grouster Kritetoaniel op 25, 26 en 27 febrewaris net mear foarmekoar krije. Corona hat ús deryn wat tefolle dwers sitten.
We bin drok dwaande om te sjen hoe’t we dit op ‘e nij ynfolje sille. As dit dúdlik is, dan litte we dat oan jim witte.

Mar dit komt der oan:

• Freed 11 maart: Inez Timmer – Heimatlân
‘Heimatlân’ is in Frysktalich kabaretprogramma, en mei muzikale begelieding fan Peter van der Zwaag, in master op ‘e toetsen.
Inez Timmer sil har sketches en ferskes sjen litte yn hotel Oostergoo om 20.00 oere.
Tagong foar leden: € 15,-

• Freed 18 maart: J&M Teaterwurk – Echt Wier
‘Echt Wier’ is in foarstelling, spile troch Jan Arendz en Marijke Geertsma oer ferhalen en anekdotes, oer deistige saken, oer trou en iensumheid,
oer opromje en bewarje, oer sliepe en wekker lizze, oer waar en wyn, oer doe, oer no, oer aanst..
Ek dizze foarstelling sil spile wurde yn hotel Oostergoo om 20:00 oere.
Tagong foar leden: € 17,-

• Snein 10 april: Grytz & Grize – Kofjekonsert
Op dit kofjekonsert sjonge Grytz & Grize Fryske lieten foar ús en in tal Ingelske covers. We krije ek in pear nûmers fan it projekt
‘Boudewijn de Groot yn it Frysk’ te hearren.
Grytz & Grize spielje yn Jeugdherberch Oer’t Hout om 11:00 oere.
Tagong foar leden: € 10,-

Der binne foar alle trije programma-underdielen noch kaarten te krijen fia it mailadres kaarten@kritegrou.nl of by Jan&Japke, Haadstrjitte 40.
Wêz der gau by want de seal sit samar fol… hoopje wij yn elts gefal.
We gean der no earst mar fanút dat dizze trije foarstellingen net mear annuleard wurde troch Corona-perikels,
mar seker witte dogge we dat pas nei 11 april 😊.

Graach moetsje we jim wer fleurich en sûn op 11 en/of 18 maart en/of 11 april, oant dan..