Grouster Kritetoaniel – Gewoan te Gek
Foar it Grouster Kritetoaniel stiet der ek wer in nij seizoen foar de doar. Dit jier is de kar op in fleurich toanielstik fallen mei as titel ‘Gewoan te Gek’. It blijspul út 1997 is skreaun troch Ton Davids en yn it Frysk oerset troch Janny van der Veen. De rezjy is dit jier yn hannen fan Tsjitske Stoer.
Huize van Speykstraat is in rychjeshûs yn in wenhiem fan in nijbouwyk. Yn dat hûs wenje fjouwer eks-psychiatryske pasjinten. Troch stipe fan de gemeente kinne de pasjinten mei help fan in terapeute besykje om harren plakje yn de ‘normale’ maatskippij werom te finen.
Dan berikt harren it nijs dat de gemeente de finansjele stipe ynlûke wol. Binne dy lju no hielendal gek!!! Wa is no gek? De fjouwer pasjinten helje alles út de kast om harren ‘hûs’ iepen te hâlden.