Tryater – Doarp Europa by Van Vuuren Deuren

Europeanen. Bewenners fan Parys, Berlyn, Rome, Madrid. Froulju yn de lêste moade, manlju yn twadielich pak of hipsterburd, opgeand yn it drokke ferkear. Mar traapje ien kear it gas yn en bist yn Europa de stêd al wer út. En dêr komst dus èk Europeanen tsjin. Op it plattelân. Wa binne dat eins? Hoe sjogge sy nei de globalisearjende maatskippij? Watfoar byld hat de wrâld fan harren?

Bestiet dé Europeeske doarpsbewenner anno 2018? Yn Doarp Europa fan Tryater wurdt de myte útinoar raffele. Tryater reizget yn de hjerst mei dizze kleurrike foarstelling troch Fryslân. Op lokaasjes en yn húskeamers, wêrby’t spilers, muzikanten en dûnsers de siel fan it plattelân besykje te fangen. It moaiste is om earst de húskeamerferzje te besykjen en dêrnei nei de foarstelling op lokaasje te gean.

Doarp Europa by Van Vuuren Deuren
Foar de grutte foarstelling fan Doarp Europa socht Tryater in yndustriële lokaasje dy’t in bân hat mei it doarp. Doe’t we direkteur Dennis Gijsman fan Van Vuuren Deuren fregen, wie er fuortdalik entûsjast, lykas Tryater. Fanwege de gaadlike lokaasje en de sintrale lizzing fan Grou komme der by Van Vuuren twa foarstellingen fan Doarp Europa.

Mear ynformaasje: www.tryater.frl

Oare foarstellings